Auto fljocht út 'e bocht en bedarret yn tún yn Eastermar

18 sep 2019 - 06:49

Op de Robyntsjewei by Eastermar is tiisdeitejûn in automobiliste mei har auto fan de dyk rekke. De frou rekke de macht oer it stjoer kwyt, wêrtroch't se op de kop yn de boskjes yn in tún telâne kaam.

Foto: SrFotografie

De frou ried yn in bocht rjochtút en kaam yn de tún ta stilstân. De brânwacht waard oproppen, omdat de frou mooglik beknypt siet. Dat wie lykwols net it gefal. Se is noch troch ambulânsepersoniel neisjoen, mar hoegde net nei it sikehûs.

De dyk hat in skoftke ôfsletten west foar ferkear, yn ferbân mei de helpferliening. Hoe't it ûngelok barre koe en oft der alkohol yn it spul wie, wurdt noch fierder ûndersocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)