Plysje: gjin ferbân tusken brannen yn portykflats

18 sep 2019 - 11:03

De Ljouwerter brânwacht is yn de nacht fan tiisdei op woansdei útriden foar in brân yn in portykflat oan de Vuurdoornstrjitte. It wie de tredde brân yn koarte tiid yn dy buert, mar der is gjin ferbân tusken de brannen, seit de plysje. It gong dizze kear om in ôfsûchkape dy't yn brân flein wie.

Omdat it net wis wie oft der ek noch minsken binnen wienen, waard opskaald nei middelbrân. Al gau die bliken dat der gjin minsken yn de flat oanwêzich wiene. De brân wie rap ûnder kontrôle: yn likernôch in kertier wie it fjoer útmakke. Der is lykwols wol reekskea yn it appartemint en in pear apparteminten dêromhinne ûntstien.

Mear brannen

Ein augustus wiene der ek twa brannen yn ien en deselde portykflat oan de Boksdoornstrjitte, yn de wyk Heechterp-Skieringen. De earste kear dat der brân útbruts by it gebou út de jierren 50, wie it yn in wenning. Dêrby hâldt de plysje rekken mei brânstichting.

In pear dagen letter wie der yn itselde gebou wer brân, mar doe gie it om in kelderboks. It is net dúdlik wat dêr de oarsaak fan is. Brânstichting falt net út te sluten, mar it soe likegoed koartsluting west ha kinne. Neffens de plysje is der gjin oanlieding om te tinken dat der in ferbân is tusken de twa brannen.

Foto: Jaring Rispens
(Advertinsje)
(Advertinsje)