Nederlânske follyballers winne opnij en binne wis fan achtste finales EK

17 sep 2019 - 22:33

It Nederlânske follybalteam hat op it Europees kampioenskip ek wûn fan Estlân. Yn Amsterdam waard it 3-1. Gijs van Solkema fan Snits die de hiele wedstriid mei.

Foto: www.orange-pictures.nl

Estlân begûn goed troch de earste set mei 22-25 te winnen. Mar dêrnei werpakten de Nederlanners harren. Mei 25-19, 25-19 en 25-20 waard de wedstriid beslikke yn it foardiel fan de Nederlanners.

Achtste finales

Troch de winst is Nederlân wis fan in plak by de earste fjouwer yn harren pûl, genôch om de achtste finales te heljen. Woansdei spylje de follyballers noch de lêste wedstriid fan de pûlfaze. Dan is Tsjechië de tsjinstanner.

(Advertinsje)
(Advertinsje)