Riedslid Eaststellingwerf fierder as ienmansfraksje, koälysje yn de minderheid

17 sep 2019 - 22:07

De koälysje yn Eaststellingwerf is no definityf de mearderheid kwyt. Op 2 septimber makke de PvdA bekend dat se net mei riedslid Simon ter Heide fierder woene. Ter Heide wol dêr doe gjin beslút oer nimme en bleau sitten. Hy hat no oankundige dat er dochs as ienmansfraksje fierder giet.

Foto: Omrop Fryslan

Ter Heide lies tiisdei oan it begjin fan de riedsgearkomste in ferklearring foar dêr't er syn beslút yn taljochte. De opposysje is benaud dat de koälysje, no't der gjin mearderheid mear is, der net slachfeardiger op wurdt. Se wolle dêrom dat it plak fan de opstapte wethâlder Jouke Jongsma wer opfolle wurdt.

Fjirde wethâlder

Der soe wer in fjirde wethâlder komme moatte. Mar de kolleezjepartijen en de fraksje-Ter Heide wiene it dêr net mei iens en dan is der gjin mearderheid foar. De taken binne en bliuwe ferdield oer de trije wethâlders dy't der no binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)