Sander Arends nei twadde ronde op Moselle Open yn Metz

17 sep 2019 - 20:57

Tennisser Sander Arends hat op it Moselle Open yn in Frânske Metz de kwartfinale berikt. Tegearre mei David Pel wie er yn de earste ronde mei 6-4 0-6 en 11-9 te sterk foar Lucas Pouille út Frankryk en Matt Reid út Australië.

Arends en Pel hiene yn de earste set oan ien break genôch. Se krigen seis breakpoints en makken dêr ien fan. Tsjinstanners Pouille, yn it inkeldspul de nûmer 24 fan 'e wrâld, en Reid krigen ek fiif breakpoints, mar koene dêr net ien fan pakke.

Wedstriid giet alle kanten út

De twadde set liet in hiel oar byld sjen. Arends en Pel makken yn seis games mar alve punten. Pouille en Reid spilen folle better, pakten no har kânsen wol en wiene samar klear. Yn de beslissende supertiebreak like it der lang op dat beide Nederlanners net werom kamen yn de wedstriid.

Se kamen samar op in efterstân fan 1-5, en op 7-9 hiene Pouille en Reid twa matchpoints. Op dat momint herpakten Arends en Pel harsels, pakten fjouwer punten op rige en dêrmei pakten se in plak yn de kwartfinale.

Yn de kwartfinale binne de tsjinstanners Marius Copil út Roemenië en Ugo Humbert út Frankryk. It is noch net dúdlik wannear't de kwartfinale spile wurdt.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis Metz
(Advertinsje)
(Advertinsje)