Boek oer 'nachtboargemaster fan Ljouwert' Jan Giro: 'Rock & roll in your veins'

17 sep 2019 - 20:44

It boek oer it libben fan de romrofte Ljouwerter muzikant Jan Giro is no dochs einlings klear. It idee wie der al in skoft. It plan om it boek te skriuwen is ek al in pear kear oppakt, mar dêr bleau it by. No is it hiele libbensferhaal definityf opskreaun yn de biografy mei de titel 'Rock & roll in your veins'.

Foto: Eigen foto

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei Jan Gaastra

Jan Giro wie dé rock and roll-muzikant fan Fryslân. Hy ferstoar yn 2005 oan kanker, 49 jier âld. Jan Giro waard ek wol 'de nachtboargemaster fan Ljouwert' neamd. Syn echte namme wie Jan Smedinga. Hy krige de namme Jan Giro om't er in skoftsje by de Post- en girobank wurke. Hy song, spile gitaar en piano, en sette elke seal op de kop mei syn optredens.

It boek is skreaun troch Minne Velstra, dy't it projekt tegearre mei freon en manager fan Jan Giro Jan Gaastra opset hat.

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei Minne Velstra en Jan Gaastra

(Advertinsje)
(Advertinsje)