Ynsammelaksje foar begraffenis ferdronken jonkje (5)

17 sep 2019 - 20:28

Der is in ynsammelaksje uteinset om jild op te heljen foar de begraffenis fan it 5-jierrige jonkje dat moandei yn Ljouwert ferdronken is by in fisksteiger yn it Potmargegebiet.

Foto: Kappers Media

De famylje fan it jonkje V-Shawn komt fan Curacao. De mem fan it jonkje wol him dêr te hôf bringe. Se hawwe wol in begraffenisfersekering, mar dy keart net genôch út. "Voor dat bedrag kun je geen volledige uitvaart betalen, dit is dus echt nodig."

Yn de pear oeren dat de ynsammelingsaksje online stiet, binne der al in pear tûzen euro donearre. Meijerhof: "Tienduizend euro is het streefbedrag. Als het binnen is, maak ik het gelijk over. Wij willen alleen maar helpen waar we kunnen."

By it wetter fan de Potmarge binne blommen en in knuffel dellein en der wurde kearskes baarnd.

Trefwurden: 
Ljouwert Potmarge
(advertinsje)
(advertinsje)