Ynheljen giet mis, auto oer de kop by Wikel

17 sep 2019 - 19:32

By Wikel in tiisdeitemiddei in auto op de kop yn in smelle sleat bedarre. De bestjoerster woe op de Suderséwei in oare auto ynhelje. Dat slagge net en doe moast se útwike. Dêrby kaam se op de kop yn de sleat njonken de wei telâne.

De frou koe sels út de auto weikomme en is neisjoen troch ambulânsepersoniel. Se hoegde net nei it sikehûs, sa die bliken. Wol hie se lêst fan de rêch troch it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok auto sleat Wikel
(Advertinsje)
(Advertinsje)