Geert fileart #5: Weromsjen op keatsseizoen 2019

17 sep 2019 - 19:09

Geert van Tuinen is keatsferslachjouwer, keatsleafhawwer én keatskritikus. Yn de searje 'Geert fileart' is net ien feilich. In pear kear yn it keatsseizoen nimt hy de keatsers, de bestjoerders of coaches op de hakke. Geert analisearret, bekritisearret en filearret de keatswrâld. Dus pas op!

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

Mei in fleanende sitbal mepte Gert-Anne van der Bos sneintemiddei it keatsseizoen 2019 de skiednisboeken yn. It sit der wer op. Tiid om efkes, yn grutte halen, werom te sjen.

En dan falt as earste fansels op de dominânsje fan it partoer Gert-Anne van de Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Mar leafst trettjin oerwinningen wisten sy op de frije formaasje te heljen en dat is gjin kattedrek. It is dan ek logysk dat dizze trije mannen it jierklassemint dominearje. Alwer. Dat is knap fansels, mar it seit ek wat fan de konkurrinsje.

Benammen fan Marten Bergsma, Renze Hiemstra en Hansie Wassenaar hie ik mear ferwachte, hoewol't Marten mei 42 punten noch in prima fjirde plak yn it klassemint ynnimt. Renze pakte noch 30 punten (kin der krekt op troch), mar Hans bleau stean op in teloarstellend oantal fan 27 punten.

It begûn al muoisum mei dizze formaasje en pas yn july fûnen sy de foarm dy't nedich is om te skoaren. Dat diene sy yn dy moanne lykwols mear as prima en op de lêste dei fan july pakten sy, folslein terjochte want geweldich keatsend, de oerwinning op de PC. En dêrtroch waard it seizoen foar de formaasje Van der Bos suksesfol, mei in raffelrantsje. Krekt as yn 2018 gjin PC-winst en dat tikket der dochs wol efkes yn.

Seker foar Tjisse Steenstra, dy't de belangrykste partij fan it jier noch hieltyd net wûn hat. Hy is der sels optimistysk oer (en wêrom ek net, klasse genôch), mar de histoarje hat foarbylden dy't foar guon keatsers jierren letter noch altyd oanfielt as in iepen wûne. Lit út der dan, yn al ús optimisme, mar fan útgean dat Tjisse gjin twadde Gerben Okkinga wurdt.

De rest fan it haadklassepeloton pakte hjir en dêr wat krûmels dy't Van der Bos-en-dy lizze lieten. En sa waard it in teloarstellend seizoen foar Bauke Triemstra, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Te min wûn en dus útelkoar. Takom jier is Marten Bergsma de opslagger yn stee fan Bauke Triemstra. Dy wikseling kaam fanút Marten sels en dêrmei sette hy syn maten al efkes foar it blok. Menno van Zwieten waard oanlutsen as (logyske) opfolger en Bauke fûn ûnderdak by twa oare Biltske klaaikluten, Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong. Dat koe moai, want Enno Kingma ferhuze nei Kees van der Schoot en Erwin Zijlstra. En sa falt it ek altyd wol wer op syn plak.

Sjogge wy nei it klassemint, dan falt neist de top trije op, dat benammen Menno van Zwieten in moaie sprong makke hat. 30 punten betsjut 18 mear as ferline jier. Prima. Itselde jildt foar Erwin Zijlstra. 27 punten; dat is 22 mear as ferline jier. Dat rampjier lit er no foargoed achter him.

Hiel teloarstellend is fansels de skoare fan coming man Enno Kingma. Mar 12 puntsjes wist hy byinoar te keatsen, hoewol 't hy fansels wol in perioade gjin fêste maten hie troch blessueres fan Pieter Jan Plat en Sjoerd de Jong. Dy lêste twa bliuwe stean op 6 punten en blessuereleed of net: Dat is te min en benammen Sjoerd de Jong moat derfoar oppasse dat hy net in ivich talint bliuwt. Dat skreau ik foar it begjin fan it seizoen ek al, dus it begjint dêr wat op te lykjen.

Laas Pieter van Straten pakte 12 punten, mar mear as dy puntsjes sjoch ik nei de ûntjouwing fan Laas Pieter. Hy wie in grut talint, kaam rap op it heechste nivo, mar doe sakke it wer yn. Dit jier hat hy him goed sjen litten en foar Laas Pieter jildt: Takom jier der stean!! Hy hat it my beloofd. En sa tsjinje ek nije talinten har wer oan.

Ik bin hiel benijd hoe't Gabe-Jan van Popta him ûntwikkelje sil. Ik hoopje dat Pieter Jan Leijenaar trochbrekke sil, want ik fyn it in moaie keatser. Hy moat neffens Taeke Triemstra, dy't him op de Aldehou in tredde priis besoarge, wat mear ûntspannen yn it fjild stean. Ris wat laitsje. Wat mear inisjatyf nimme. Goede ried fan Taeke, dêr't Pieter Jan hooplik wat mei dwaan sil.

En sa sjogge wy werom op it keatsseizoen 2019. As je it sa lêze, soene je sizze: business as usual. Foar opfallende saken komme wy dochs út yn de konfliktsfear. Want konflikten hawwe der west yn it ôfrûne seizoen.

It belangrykste konflikt: "De Huzumer kwestje" fan Daniël Iseger en Manon Scheepstra. Ik sil der no net wer ynhâldlik op yngean, mar dúdlik is dat der yn de 'postkoadestriid' tusken Goutum en Huzum allinnich mar ferliezers west hawwe. Mei unike aksjes. Noch nea is der, foarsafier oft ik wit, drige mei in boycot as der in keatser wie dy't yn de eagen fan de rest foar it ferkearde doarp útkaam.

Sterker noch: Dat feit op himsels is net iens sa bysûnder, want dat is folle faker foarkaam. It wie de bysûndere kontekst en de fage reaksjes fan belutsen partijen, dy't de saak op skerp sette. De mystike opstelling fan Manon, Daniël en OG Huzum, die de saak gjin goed. Lit ûnferlet dat de reaksjes út de keatswrâld wei 'ongekend' ekstreem wiene.

Mar goed, wat de froulju oanbelanget lykje de ferhâldings wer wat normalisearre, al fyn ik it as keatsleafhawwer noch altyd spitich dat Manon de Bûnspartij net keatst hat. Sy luts har, wurch fan alle kommoasje, sels werom. Opfallend yn dit ferbân is dat bûnsdirekteur Marco Hoekstra dêrop yn de Ljouwerter Krante sa reagearre (letterlik sitaat): "It is ferstannich dat se dit beslút naam hat. Dit skept dúdlikens en foarkomt problemen foar de takomst". Selden safolle lulkoek yn ien sin sjoen.

Dyselde direkteur fan de KNKB hie earder nammentlik al konstatearre dat Manon wol deeglik keatse mocht foar Huzum. Dus skepte de beslissing fan Manon totaal gjin dúdlikens (dy wie der al) en foarkomt har ôfsizzen foar de Bûnspartij absolút gjin problemen foar de takomst. Nee, Hoekstra wie der totaal mei oan (hoefolle stipe krige hy trouwens fan it haadbestjoer? We hearden hielendal neat fan Sinnema cs)) en wie bliid dat Manon de kwestje sels sa oploste. Dan hoegde hy neat mear te dwaan. Dat hie hy sizze moatten, dan hie er teminsten earlik west.

Foar de freon fan Manon, Daniël Iseger, hat de kwestje soarge foar in unyk rekôr. Want ik kin my net heuge dat er der ea in keatser west hat dy't op de earste wedstriid (28 april) op rapport slingere waard en dy't nei de lêste partij (15 septimber) noch altyd dwaande wie mei de straf- en beropssaken.

In skandaal! Hjir lit de KNKB him fan syn alderminste kant sjen. Want as je in keatser op rapport slingerje, wol dat noch net sizze dat je it rjocht hawwe om him in seizoen lang as ping-pongbal te misbrûken. Seker net in boechbyld as Daniël Iseger. Sa gean je net mei je helden om. Hjir liet de KNKB wer ris sjen totaal net omgean te kinnen mei situaasjes dy't regy, ynlibbingsfermogen en diedkrêft freegje.

In âlde kwaal, dêr't mar gjin ferbettering yn te bespeuren falt. En dat die ek bliken by dy bespotlike fertoaning fan de lotting foar Bitgum. Dêr't Dylan Drent en Johannes van der Veen it rjocht hienen om oant tolve oere nachts yn berop te gean tsjin in útspraak fan de strafkommisje, dêr waard fiif oeren earder troch it lottersploechje 'gewoan' besletten om dy jonges net op de list te setten. Dy tochten seker: Wy lotsje hjir alle wiken, dat meitsje wy wol út. Foute boel fansels.

Ek hjir kinne we net oars as konkludearje dat der wer ris sprake wie fan steurend amateurisme. En sy moasten op de knibbels. Mei as gefolch op woansdeitemoarn ier en betiid in nije lotting. Dy't iepenbier wie, omdat neffens it bûnsburo (wer in sitaat) "de deur open was en Jan Braaksma er bij aanwezig was". Tsja, dat is iepenbier, hear.

Jan Braaksma is der as lid fan dat ploechje alle wiken by. Mar dat makket dy byienkomst noch net iepenbier fansels. Pffff. Dan stean de teannen je krûm yn de skuon, dochs? En as klap op de fjoerpylk moast Dylan ek noch op de webside kaatsen.nl lêze dat syn skorsing twa wedstriden bleau. Dat hie de KNKB him fansels litte witte moatten. En doe moast Hoekstra it boetekleed yn de parse wer oandwaan.

Nee, de KNKB hat him bepaald (wer) net fan syn sterkste kant sjen litten, as der wat stront oan de knikkert wie. En dan sis ik mar neat mear oer dat haadbestjoerslid dat gerêststellende wurden spruts tsjin Daniël Iseger en dêrmei de strafkommisje foar de fuotten rûn.

De winter komt deroan. Tiid foar de ferskate gearkomsten. Ik bin benijd watfoar optimisme en fleurichheid de KNKB no wer preekje sil. Ferline jier beloofden direkteur Hoekstra en foarsitter Sinnema ús "dat der seker feroaringen komme sille". Dêr hawwe wy dit seizoen noch net safolle fan sjoen.

Mar in rammeljende ranking, in skrikbarend gebrek oan skiedsrjochters, in konseptwedstriidaginda dy't noch in protte gatten sjen lit (om mar in pear tûkelteammen te neamen) yn kombinaasje mei in bepaald net diedkrêftich bestjoer, makket my op foarhân net optimistysk.

Mar miskien bin ik wol in seurpyt. Oant takom jier.

Trefwurden: 
keatsen Geert fileart
(Advertinsje)
(Advertinsje)