Provinsje: Troanrede en Miljoenenota jouwe soad oanknopingspunten foar Fryslân

De provinsje is posityf oer de Troanrede en de Miljoenenota. Dy jouwe in soad oanknopingspunten foar Fryslân, seit provinsje.
It Provinsjehûs yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It regear set yn op plannen dy't de leefberens fan it plattelân fersterkje moatte. In nij ynvestearingsfûns foar kennis, ynfrastruktuer en ynnovaasje moat de ekonomy foarút helpe. Deputearre De Rouwe: "It ynvestearringsfûns biedt kânsen foar in takomstbestindige ekonomy, in sirkulêre ekonomy. Mei as sintrale fokus molke en wetter. Dêr is Fryslân sterk yn en unyk."
De provinsje sjocht hjir kânsen foar it ferbetterjen fan de berikberheid, mei in rappere spoarferbining mei de Rânestêd. Neffens deputearre De Rouwe slút de Troanrede moai oan by de plannen dy't de provinsje hat mei Fryslân, bygelyks as it giet om duorsume lânbou. Fryslân wol dêr foaroprinner mei wêze, seit De Rouwe.

'Leefberens plattelân ûnder druk troch finansjele tekoarten'

Yn de Troanrede seit de Kening dat yn Nederlân regionale plannen ta útfier komme om de leefberens fan it plattelân te ferbetterjen. De P10, in gearwurking fan de tweintich grutste plattelânsgemeenten yn ús lân, lit witte dat dy leefberens ûnder druk stiet troch finansjele tekoarten.
It plattelân hat neffens de P20 it minst profitearje kinnen fan de ekonomyske groei fan de ôfrûne jierren. Ek de fergrizing en relatyf hege útjeften yn it sosjaal domein soargje foar noed op it plattelân. "Wij zien de tekorten in het sociaal domein oplopen, vooral op het terrein van de jeugdzorg en de WMO", sa seit de foarsitter fan de P10, boargemaster Ellen van Selm fan Opsterlân.

Sosjaal ynvestearringsfûns

De P10 pleitet yn in reaksje op de Troanrede foar in sosjaal ynvestearringsfûns mei in aginda foar it plattelân. Dat fûns moat lokale inisjativen stypje, dy't needsaaklik binne om it plattelân leefber te hâlden.
De P10 is in gearwurkingsferbân fan (grutte) plattelânsgemeenten. Tweintich gemeenten út it hiele lân binne offisjeel lid fan de P10. Ut Fryslân wei binne Opsterlân, Eaststellingwerf en De Fryske Marren lid fan de P10, boargemaster Ellen van Selm fan Opsterlân is de foarsitter.