Polderdiken by De Leien komme op hichte om drûge fuotten te hâlden

17 sep 2019 - 17:30

Wetterskip Fryslân bringt de polderdiken oan de eastside fan de Leien by De Rottefalle wer op hichte. Yn de polder dêrneist, polder It Bild, wurket Steatsboskbehear oan it wieter meitsjen fan de natoer. De organisaasjes hawwe by dit projekt besletten om gear te wurkjen. Sa sil it Wetterskip helpe by it op peil hâlden fan it boezemwetter yn de polder.

Jeffrey Huizenga fan Steatsboskbehear

Neffens Jeffrey Huizenga fan Steatsboskbehear sil de natoer derfan profitearje as de polder wieter wurdt: "De grûn wie ferdrûge. Yn dy grûn sit ek noch in bytsje fean en om dat te behâlden, moatte wy ús boezemwetter op hichte bringe."

Steatsboskbehear krijt no fan it Wetterskip de romte om it peil sels oan te stjoeren. It is lykwols net sa dat der in wyld stik natoer ûntstean sil: "De provinsje hat sein dat it in gerslângebiet bliuwe moat. We jouwe de natoer dus net samar de romte", seit Huizenga.

Troch it gebiet wieter te meitsjen hopet Steatsboskbehear boppedat dat greidefûgels it gebiet brûke om te rêsten. Huizenga: "As briedgebiet is it wat te lyts, mar wy tinke seker dat de greidefûgels hjirfan profitearje kinne."

Jan Sibma fan Wetterskip Fryslân

Wetterskip Fryslân moat de polderdiken rûnom it gebiet opheegje. Yn dit gebiet giet it om sa'n 20 oant 30 sintimeter. Neffens Jan Sibma fan it Wetterskip wie der net gelyk gefaar, mar "it is wol nedich om drûge fuotten te hâlden".

Neffens Sibma kaam de gearwurking mei Steatsboskbehear min of mear tafallich ta stân: "Wy hienen beide ús eigen tarieding en de plannen pasten goed by-inoar, dus doe hawwe wy der ien bestek fan makke."

Ein oktober moat it projekt klear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)