Sikehûs It Hearrenfean hat telefyzjes foar pasjinten ferfongen troch tablets

17 sep 2019 - 17:19

Pasjinten dy't opnaam binne yn sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean, hawwe sûnt koart in tablet by it bêd. By elk bêd op de ferpleechôfdieling hinget in iPad, dy't de pasjinten foar ferskate saken brûke kinne.

Tablet

Hoe binne se op it idee kaam? Doe't de ferpleechôfdieling ferhuze fan de fjirde nei de twadde etaazje is it âlde 'bed-side-terminal'-systeem ôfskaft. De telefyzjes binne ferfongen troch iPads, fertelt Grietsje Boonstra, teamlieder ferpleechkunde op de ôfdieling ortopedy/urology. Foar de telefyzjes moast hier betelle wurde en it brûken fan de iPads is fergees.

Fertaal-app

De tablets kinne foar fan alles brûkt wurde. Sa kinne de pasjinten pasjinte-ynformaasje neilêze en iten bestelle. Wat ek handich is foar de ferpleging dat der in oerset-app op sit. Sa kin ynformaasje tagonklik makke wurde foar pasjinten dy't gjin Nederlânsk kenne. Soms set de ferpleging de favorite muzyk op om betize pasjinten harren mear thús en rêstiger fiele te litte.

Nijs lêze, telefyzje en Netflix sjen

Fierders kinne de pasjinten op de tablets ek nijssites lêze, telefyzje en Netflix sjen en muzyk harkje. De ynformaasje dy't pasjinten op de tablet achterlitte, ferdwynt nei in skoft. En as de iPad úteinlik ynnommen en skjinmakke wurdt, wurdt hy ek weromset op de standertynstelling.

(Advertinsje)
(Advertinsje)