Omstanner rêdt frou út wetter yn Kollum
In frou is tiisdeitemiddei yn Kollum mei har scootmobyl yn in sleat bedarre. In omstanner, dy't it seach, sprong achter har oan en koe har út it wetter helje.
Mei oare tsjûgen slagge it om ek de scootmobyl fan de frou op it drûge te krijen.
De frou is mei in ambulânse nei it sikehûs ta brocht.