Natuerorganisaasjes sjogge gjin beswier tsjin ferhuzing Sybrandy's

17 sep 2019 - 17:04

It plan fan Sjerp Jaarsma om Sybrandy's Speelpark te ferpleatsen nei de Hege Gerzen yn Aldemardum kin trochgean. Alteast, dat sizze ferskate natuerorganisaasjes tiisdei yn in ferklearring.

Earder liet Henk de Vries fan It Fryske Gea noch witte dat se net samar akkoart gean soene mei it plan fan Jaarsma. De Stichting Gaasterlân Natuerlân, Staatsbosbeheer, Natuurmonumenten en It Fryske Gea ha der kritysk nei sjoen, mar sjogge gjin beswieren, sa skriuwe se.

Wol wolle de organisaasjes dat it besteande konvenant, wêryn't in ferantwurde gebrûk fan de Hege Gerzen regele is, útwreide wurdt. Sa mei der gjin ekstra fersteuring fan de Iselmarkust plakfine troch de ferhuzing fan Sybrandy's, en moat der ek in bepaalde foarm fan natoeredukaasje yn it park werom te finen wêze. Ek mei it park yn de takomst net fierder útwreidzje.

It Sybrandy's Speelpark is in begryp yn Fryslân. Yn 1964 iepene it park de doarren as fûgeltsjespark. Dy namme is noch altyd populêr by in soad minsken, mar der is al jierren gjin fûgel mear te finen. Stadichoan waard it park omboud ta attraksjepark. Tsjintwurdich stiet it bekend as it goedkeapste park fan Nederlân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)