FIDEO: Fryske kapster docht hier en make-up fan politisy op Prinsjesdei

Esra van der Meer út Burgum mocht op dizze Prinsjesdei it hier en de make-up dwaan fan in tal Twadde Keamerleden, ûnder oare Harry van der Molen (CDA) en minister Ingrid van Engelshoven. Esra is studinte fan ROC Friese Poort.
FIDEO: Fryske kapster docht hier en make-up fan politisy op Prinsjesdei
Esra van der Meer moast manlju en froulju dwaan. "Dy mannen is net sa lestich, dat is wat föhne en gel, mar foaral wat kletse oer hoe't it giet. Dêrnei mocht ik trije froulju dwaan, Attje Kuiken fan de PvdA, wie hiel leuk en entûsjast. By minister Ingrid van Engelshoven waard it ynienen hiel drok. Der kaam allegear media omhinne, kameraploegen, sels de NOS wie derby. We ha it ek hân oer it mbo, want se is de minister fan Underwiis. Mar se krige sels ek allegear fragen. It wie hektysk. Se hat fan harsels in flinke bosk krollen. Dat ha ik wat minder kroes makke en ik ha it opstutsen, mar wol sa dat it hier moai ûnder de hoed wei útkomme koe. Se wie bliid en tefreden mei it hier en de make-up."
Esra har grutste dream is achter de skermen mei modellen te wurkjen by grutte fashionshows lykas Milaan. "Ik hâld wol fan drokte en hektyk."
Esra van der Meer
Jildou Zwager út Berltsum, ek mbo-studinte, hat politisy yn Den Haag ûnder hannen nommen.