Drachtster (28) frijsprutsen fan fertsjustering grutte partij rydplaten

17 sep 2019 - 16:33

In 28-jierrige Drachtster is tiisdei frijsprutsen fan fertsjustering fan in grutte partij rydplaten. De oanklacht wie dat hy yn juny ferline jier in 29-jierrige oare Drachtster holpen hawwe soe fjirtich stellen rydplaten te fertsjusterjen op it terrein fan in âldizerhannel yn Burgum. Mar de 28-jierrige Drachtster wist net dat se stellen wiene, en de rjochter gie dêryn mei.

De rjochtseal yn Ljouwert

It Iepenbier Ministearje easke twa wiken ferlyn in wurkstraf fan 120 oeren en in selstraf ûnder betingst fan in moanne. De Drachtster hat altyd sein dat er net wist dat de rydplaten stellen wiene. Syn doarpsgenoat soe frege hawwe oft de platen tydlik by it bedriuw yn Burgum opslein wurde mochten.

De rydplaten wiene levere troch in ferhierbedriuw. Dat bedriuw wie earder in partij platen kwytrekke oan in pear oplichters, ûnder wa de 29-jierrige Drachtster. Doe't yn juny opnij fjirtich rydplaten besteld wiene, warskôge it ferhierbedriuw de plysje. Der waard in peilbaken op de platen oanbrocht, sadat neigien wurde koe wêr't se wiene. Dat wie dus de skroathannel yn Burgum.

De 29-jierrige Drachtster en in 27-jierrige ynwenner fan Westergeast soene op grutte skaal bedriuwen bemitere hawwe. Sy stiene begjin augustus terjochte. Yn harren saak hawwe harren fyftjin dupearren oanmeld dy't mear as 100.000 euro oan skea claimden. It Iepenbier Ministearje easke acht en seis moannen selstraf tsjin de manlju. De rjochtbank docht op 1 oktober útspraak yn dizze saak.

Trefwurden: 
Drachten rjochtbank rydplaten
(Advertinsje)
(Advertinsje)