Reaksjes op troanrede: "In moaie troanrede, mar it kabinet moat no wol echt oan de slach"

17 sep 2019 - 16:12

No't de plannen fan it kabinet yn de troanrede útlein binne, komme ek de earste reaksjes binnen fan ferskate politisy. It wie in moaie troanrede, sa sizze de measten, mar it kabinet moat wol trochpakke. Prate oer saken is moai, mar somtiden is it better om dingen gewoan op te pakken.

Moarnsbrochje Den Haag

Pieter Heerma, de foarsitter fan de CDA-fraksje yn de Twadde Keamer, fûn it in hiele moaie troanrede. "De Koning begon over 75 jaar vrijheid, en een oproep dat we verantwoordelijk met die vrijheid om moeten gaan als parlementariërs. Dat vond ik erg mooi."

Pieter Heerma (CDA)

Heerma sjocht dat de ekonomy it op dit stuit goed docht yn ús lân. Dat smyt neffens him kânsen foar Nederlân op. "We moeten werken aan de toekomst. Bijvoorbeeld lastenverlichting voor de middenklasse, en investeren in kennis en innovatie zodat we als Nederland toekomstbestendig zijn."

"Dit kabinet moet wel daadkracht laten zien"

Isabelle Diks, Twadde Keamerlid foar GroenLinks, is foarsichtich optimistysk nei de troanrede. Mar sy moat it earst noch mar sjen mei de plannen fan it kabinet. "Zo langzamerhand moet dit kabinet wel daadkracht laten zien. Grote projecten echt tot uitvoer brengen en samen met de burger dit land vergroenen. Men wil het nu wel, maar het moet allemaal nog wel gebeuren. En de verkoop van de hele energie-transitie, om het hele land mee te krijgen daarin, daar moet dit kabinet nog wel wat aan doen."

Isabelle Diks (Groen Links)

Theo Hiddema fan it Forum voor Democratie sprekt fan in 'waardevol moment' as it giet oer it meimeitsjen fan de troanrede. Mar oft Nederlân der echt sa goed foar stiet as it kabinet seit? "Als het kabinet het zegt, zal er wel een kern van waarheid inzitten. Maar ik moet het nog maar zien. Altijd maar praten over geld, geld, geld. Je moet gewoon dingen doen."

Theo Hiddema (FvD)

It giet Hiddema dus net om de wurden, mar om de dieden fan it kabinet. "Er is de afgelopen twee jaar niks gebeurd op de terreinen waar ik me de afgelopen tijd mee heb bemoeid. Dan zeggen ze dat mensen er een paar procent op vooruit gaan. Nou, ik heb geen glazen bol, maar als je je vast moet houden aan procentjes...."

"We moeten samen met de boeren optrekken"

De fraksjefoarsitter fan de ChristenUnie, Gert-Jan Segers, sprekt fan 'nieuwe hoop en nieuw perspectief' foar de regio. Benammen de oandacht foar de lânbou docht him goed. "We hebben bijvoorbeeld weer een zelfstandig ministerie van Landbouw. Dat is de aandacht die de landbouw nodig heeft. Sommige partijen zeggen heel makkelijk dat boeren maar weg moeten. Maar we moeten juist samen met de boeren optrekken naar de toekomst toe."

Gert-Jan Seegers ((CU) oer de troanrede

Wol jout Segers oan dat de lânbou duorsumer wurde moat de kommende jierren. Hy snapt dat guon boeren lilk binne, en op 1 oktober yn Den Haag protestearje wolle. "Ik vind het onrechtvaardig en een verkeerd signaal als politici zeggen dat de veestapel wel doormidden kan. Daarom wil ik ook voor hun belang opkomen."

Wurdt yn de praktyk wier makke, wat der allegearre beloofd wurdt?

Germ Gerbrandy, senator Earste Keamer

Foar Germ Gerbrandy wie it de earste troanrede dêr't hy as senator fan de Onafhankelijke Senaatsfractie by oanwêzich wie. "Sa as de troanrede útsprutsen wurdt, wa kin dêr op tsjin wêze? It giet derom, wurdt it yn de praktyk wier makke, wat der allegearre beloofd wurdt? Fernimme bygelyks de minsken mei in krappe beurs dat it better giet?"

Yn de troanrede gie it ek oer de lânbou, en dêr is Gerbrandy wiis mei: "De lânbou hat it, mei it hiele stikstofferhaal, bysûnder dreech. De Rânestêd, en it gebiet deromhinne, moatte yn balâns komme. Dêr sil ik de kommende jierren om tinke yn de Earste Keamer."

Germ Gerbrandy (OSF) oer de troanrede

(Advertinsje)
(Advertinsje)