Ynbraakweach yn Noardwest-Fryslân

17 sep 2019 - 15:11

Yn it noardwesten fan de provinsje Fryslân is de ôfrûne tiid opfallend faak ynbrutsen. De measte ynbraken wienen yn wenhûzen, mar der is ek ynbrutsen yn in hok, by in swimbad en yn auto's.

In ynbrekker

De plysje meldt ûnder mear ynbraken yn Dronryp, Doanjum, Harns, Pietersbierrum, Winsum en Menaam. Yn de ôfrûne fjouwer wiken hawwe der op syn minst tolve ynbraken of besykjen ta ynbraak yn Noardwest-Fryslân west. Koartlyn hawwe der trije ynbraken yn wenten west yn Dronryp en ien yn Menaam. Boppedat is der yn de nacht fan snein op moandei ynbrutsen yn in hok yn Sint-Anne. De plysje ropt minsken dy't wat sjoen of heard hawwe op harren te melden.

It wenningynbraakteam fan de plysje is noch drok dwaande mei it ûndersyk nei dy ynbraken. De plysje wol dêrom fierder noch neat sizze oer de saak.

Earder ek al in ynbraakweach

Begjin dit jier wie der ek al in ynbraakweach yn Frjentsjer. Doe hawwe der op syn minst njoggen ynbraken yn fjouwer wiken west. Ek doe gie it benammen om wenningynbraken, mar waard der ek ynbrutsen yn de Scapino.

(Advertinsje)
(Advertinsje)