Joost Klein skriuwt ferhalebondel foar jeugdboekewike

17 sep 2019 - 14:16

Joost Klein fan Ljouwert hat in bondel skreaun mei koarte ferhalen. Dat hat er dien tegearre mei twa oare skriuwers. De bondel sil útdield wurde yn de Boekewike foar Jongeren.

De 21-jierrige Ljouwerter wie in oantal jierren lyn noch ien fan de bekendste YouTubers fan Nederlân. Dit jier kaam syn muzykkarriêre ek fan 'e grûn. Sa stie er yn maart yn in útferkocht Paradiso yn Amsterdam en ôfrûne simmer op de grutte poadiums fan Lowlands en Pukkelpop.

Op Lowlands krige hy in gouden plaat útrikt foar syn nûmer 'Scandinavian Boy'. Ek trede er op op Welcome to the Village yn Ljouwert.

Joost kin himsels no ek auteur neame. Foarich jier kaam syn earste boek 'Albino' út. No is hy dus ien fan de trije skriuwers fan '3PAK', in bondel mei koarte ferhalen. It boek sil fergees útdield wurde yn de Boekenweek voor Jongeren, dy't op 20 septimber úteinset.

Joost sil op 'Literatour': mei syn boek giet er del by 100 middelbere skoallen om mei jongeren oer syn boek te praten.

It boek dat Joost skreaun hat mei twa oare auteurs
(Advertinsje)
(Advertinsje)