Tiny houses kinne oplossing wêze foar wenningneed

17 sep 2019 - 13:45

It soe samar ris de oplossing wêze kinne foar de wenningneed: tiny houses. Se binne hieltyd populêrder, ek yn Fryslân. "Ik denk dat tiny houses voor 50 procent van de Nederlanders wel geschikt is. Als starter is dit betaalbaar en als oudere kun je hier ook heel fijn wonen", fertelt Robert Hoek. Hy bout oan trije tiny houses yn Techum yn Ljouwert, ûnder oare ien foar syn dochter. De hûzen kostje sa tusken de 80.000 en 120.000 euro, al kinne je de hûzen hielendal nei eigen winsk bouwe.

Fryslân wie yn 2017 de earste mei in strjitte fan tiny houses, yn Hurdegaryp. Op it stuit hat ek Snits al in wyk mei tiny houses en yn Techum wurdt hurd boud oan tsien fan dy lytse hûskes. "It jout je in hiel frij gefoel. Ik woe hiel graach in frijsteand hûs, mar finansjeel wie in gewoan hûs net helber", fertelt Gea Pool. Sy is drok oan it bouwen oan har tiny house yn Techum.

Hieltyd mear minsken yn Nederlân wenje allinnich of mei in lytse húshâlding. Pool: "Dy wolle faak gewoan yn eigen doarp wenjen bliuwe, mar der is gjin romte foar." Hoek follet oan: "Ouderen blijven in de grote huizen wonen, waar soms wel vier slaapkamers leeg zijn. Als zij in een tiny house gaan wonen, houden ze vaak ook nog veel geld over voor hun oude dag. Op die manier komt er ook weer ruimte vrij voor de jonge gezinnen."

Gea Pool en Robert Hoek foar it hûske fan Gea

Mikrowenning

De hûskes yn Techum meie eins net de namme 'tiny house' drage. "Een tiny house is maximaal zo'n vijfentwintig, misschien dertig vierkante meter. Wij zitten bruto op zestig vierkante meter. We mogen zes meter hoog bouwen, met veertig vierkante meter bebouwd oppervlak op de begane grond", leit Hoek út. "Ik neam dit in mikrowenning. Tiny houses steane faak ek op fjilden en binne net oansletten op foarsjenningen. Dat ha wy allegear wol", follet Pool oan.

(advertinsje)
(advertinsje)