Fryske politisy yn Den Haag: "We moatte net op it jild sitten bliuwe"

De troanrede is ien fan de fêste ûnderdielen fan dizze Prinsjesdei yn Den Haag. Dêryn lêst kening Willem-Alexander de plannen fan it kabinet foar, nei't er in rûnrit yn de glêzen koets troch Den Haag makket hat.
© ANP
Ut al earder útlekte stikken fan de troanrede docht bliken dat it Ryk noch net earder sa'n grut oerskot hân hat as no en de ferwachting is dat de gemeenten jild krije sille. Tal fan Fryske gemeenten skriuwe reade sifers, troch tekoarten benammen op it mêd fan de soarch.
De dei begûn earder al mei it tradisjonele moarnsbrochje fan de noardlike provinsjes. Acht jier lyn begûn Fryslân mei dat moarnsbrochje, as eksperimint. Al gau waard it in noardlik brochje en alle jierren nimt de belangstelling dêrfoar ta.
Senator Joop Atsma wie ien fan de oanwêzigen. "It boadskip is: der is jild, dus dat moat ynvestearre wurde. We moatte net op it jild sitten bliuwe. Ik pleitsje om mear te ynvestearjen yn de wenningbou. Dat spilet net inkeld yn it westen, ik hearde fan de boargemaster dat it oanbod yn Ljouwert ek net oerhâldt. Ek moat ynvestearre wurde yn de ynfrastruktuer lykas diken en iepenbier ferfier." Ek hat Atsma noed oer pensjoenen.
De 40 grutste gemeenten ha lêsten in needgjalp hearre litten dat se mear jild ha moatte, oars moatte foarsjenningen as in biblioteek en swimbad ticht.
Fries om utens en Twadde Keamerlid Wim Jan Renkema (GroenLinks) pleitet ek dat it jild nei de regio moat. "Het Rijk heeft veel taken bij de gemeente neergelegd, maar dan moet je wel boter bij de vis doen op het moment dat het geld er is."
Ek kommissaris fan de Kening Arno Brok is yn Den Haag. Hy wol noch wol in warskôging dwaan, dat it yn de praktyk oars wurket. "We moatte ús net ryk rekkenje. It is wol publyk jild, dat moatte we net fergrieme." Hy fynt it bysûnder dat we op dizze dei de demokrasy fiere meie.
Joop Atsma fan it CDA
Wim Jan Renkema fan GroenLinks
Kommissaris Arno Brok