Soad belangstelling foar wurk yn PI Ljouwert

17 sep 2019 - 12:36

Der is in soad belangstelling foar in baan yn de finzenis yn Ljouwert. Dy siket nij personiel fanwege útwreiding. Foar njoggentjin fakatueres wienen der mear as trijehûndert kandidaten.

Mar hoe kin it dat der sa'n soad animo is foar in baan yn de finzenis? "Het is niet het makkelijkste werk, maar het is een prachtig vak", fertelt finzenisdirekteur Toon Molleman. "Het is heel veelzijdig."

De wervings- en seleksjeproseduere waard wat omsmiten. Der waard in spesjale 'yn-de-kunde-kom-dei' organisearre. "Mensen konden eerst komen kijken of de plek en de mensen bij hen pasten. Daarna konden ze de keuze maken om een brief schrijven."

De Marwei yn Ljouwert

Social media-kampanje

Der wiene 300 oanmeldingen foar de wervingsdei. Doe waard der in stop op setten. "De wervingscampagne hebben we best wel modern ingericht, met een social media-campagne. Daarmee bereik je andere doelgroepen dan bijvoorbeeld een 'ouderwetse' advertentie in de krant."

It type minsken dat sollisitearre hat, rint sterk út elkoar. Op de 'yn-de-kunde-kom-dei' kamen jong en âld en manlju en froulju ôf. Neffens Molleman wurket dy kombinaasje fan ferskillende minsken hiel goed yn in team. "Als een team medewerkers correspondeert met de gedetineerden, ook qua komaf en leeftijd, kan dat in de praktijk heel goed werken."

Finzenisdirekteur Toon Molleman

Der wurde minsken socht yn ferskate funksjes: kompleksbefeiligers, ynrjochtingswurkers (minsken dy't detinearren begeliede), meiwurkers Arbeid en ien psycholooch.

De sollisitaasjeproseduere is no noch yn folle gong. "We hopen mensen zo snel mogelijk te kunnen aannemen. De wervingscampagne gaat heel snel. Na de open dag hadden mensen 48 uur om een brief te schrijven."

Tests

Dizze wike wiene de earste 'klikgesprekken' mei it besteande finzenispersoniel. "De sollicitanten gaan 2 oktober een laatste screeningsdag meemaken. Dan wordt een psychologische test afgenomen, maar ook een fitheids- en weerbaarheidstest. Dat is de laatste hobbel die door de sollicitanten genomen moet worden", beslút Molleman.

(Advertinsje)
(Advertinsje)