Hieltyd mear boeren ha lêst fan mûzen; de pleach wreidet him út

De mûzepleach wreidet him noch hieltyd út, sa lit LTO-Noord witte. Hieltyd mear boeren wurde der mei konfrontearre.
Hieltyd mear boeren ha lêst fan mûzen; de pleach wreidet him út
De oerlêst en skea wie earder benammen yn de feangreidegebieten, mar neffens Peet Sterkenburgh fan LTO-Noord wurde sy no ek folop op de klaai sjoen. "We sjogge no ek wer nije plakken dêr't it no ûntstiet rjochting Boazum en bygelyks Spannum."
Mar ek fierder fuort soargje de bistjes no foar oerlêst, want der komme ek berjochten út de omjouwing fan Wolvegea. Dat smyt ek wer fragen op by de boeren en dêrom komt der in nij ûndersyk yn gearwurking mei de provinsje en it wetterskip.
Sterkenburgh: "Sy wolle graach in hantrekken krije oer hoe't sy eins mei dy mûzen omgean moatte." Benammen it momint wêrop't soks doel hat en wannear net is dêrby wichtich. Ek wurdt sjoen oft je oan de hân fan satellytbylden útfine kinne oft it bestriden fan mûzen mei wetter ek helpt yn feangreidegebieten.
Om't soks in dúdlik ferbân hat mei de feangreideproblematyk, stekt de provinsje hjir 15.000 euro yn, sa lit in wurdfierder witte.
Peet Sterkenburgh fan LTO-Noord