Ludyk protest: Feanwâlden hinget fol mei himden

17 sep 2019 - 12:11

Troch hiel Feanwâlden hinne hingje himden oan 'e line. It is in ludike aksje fan de ynwenners fan it doarp. Sy binne lulk en hawwe it gefoel dat se yn harren himd steane, om't de gemeente gjin jild mear hat foar de ferbouwing fan it multyfunksjoneel sintrum, wat in pear jier lyn wol tasein wie.

It doarp hie yn 2017 al de tasizzing foar subsydzje foar in nij MFC. De sloopfergunning foar it âlde doarpshûs wie al rûn, de boufergunning lei klear. Der moast allinnich noch ien hanteken set wurde. Mar troch it miljoenetekoart hat it kolleezje it plan earst oan de kant lein.

"We wolle mei de aksje de gemeente dúdlik meitsje dat it Feanwâlden mienens is, we fiele ús yn ús himd stean", leit Roel Dijkstra, foarsitter fan it doarpshûs, út. Dat hat er it kolleezje tiisdei by it moarnsbrochje ûnder de oandacht brocht.

Domper

Wethâlder Gerben Wiersma snapt de gefoelens. "Feanwâlden hat in domper te ferwurkjen krigen nei't de finânsjes fan de gemeente sa binne, dat de ferbouwing fan it doarpshûs op dit stuit net dien wurdt. Dêr binne in soad frijwilligers by belutsen. Ik kin my foarstelle dat minsken har yn har himd stean fiele, dat is ferfelend."

Troch de ôffallende resultaten, benammen yn it sosjaal domein, is de algemiene reserve fan de gemeente folslein fuort. "As de beurs leech, is der gjin jild."

It kolleezje is dwaande mei in herstelplan. "We moatte de finânsjes op oarder krije en dan sjen wat noch trochgean kin en wat net. Uteinlik moat de gemeenteried kieze. Dat is in lestige opjefte, dêr kinne minsken net bliid fan wurde. Mar we ha mar ien potsje mei jild en dêr moatte we it mei dwaan."

Roel Dijkstra fan it doarpshûs en wethâlder Gerben Wiersma

(advertinsje)
(advertinsje)