Wat kinne Friezen ynhâldlik ferwachtsje fan Prinsjesdei?

17 sep 2019 - 11:20

It is de tredde tiisdei fan septimber en jo witte wat dat betsjut: Prinsjesdei. Kening Willem-Alexander sprekt de troanrede út en kabinet Rutte III makket bekend wat de plannen foar it kommende jier binne. Foar Omrop Fryslân folget Onno Falkena dizze dei. Hy sjocht ek nei de gefolgen fan al dy plannen foar Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Dramatyske besunigingen wurde der dit jier net ferwachte foar Fryslân. Krekt it tsjinoerstelde: minister Wopke Hoekstra fan Finânsjes giet derfan út dat der takommend jier in pear miljard oerbliuwt en dat hat fansels wolris hiel oars west.

It kabinet is dan ek fan doel om te ynvestearjen yn saken as wentebou, soarch en definsje. En der wurdt ek noch praat oer in nij ynvestearringsfûns. Dat betsjut op termyn fansels kânsen foar gruttere projekten, lykas in Lelyline of in nije fearferbining nei It Amelân.

Stikstof

Hot item is fansels de stikstofkwestje. Dy soarget op ferskate flakken foar friksje: it projekt Ofslútdyk, de ynkrimping fan de feesteapel, huzebou. It rapport fan de kommisje-Remkes wurdt net op Prinsjesdei sels publisearre, mar oer in pear wike. Der wurdt lykwols mei likefolle belangstelling nei útsjoen as nei de folsleine Troanrede en Miljoenenota.

It stikstofprobleem hâldt bestjoerlik Nederlân geweldich yn 'e besnijing. Minister Hoekstra kin wol mei in nij fûns komme foar gruttere ynvestearrings, mar hy kin it jild pas útjaan as der in modus fûn is foar hoe't Nederlân it bêste mei dat stikstofprobleem omgean kin.

Tekoarten yn 'e soarch

It is wichtich om goed te folgjen hoe't it komt mei it gemeentefûns. Wylst it jild by it Ryk tsjin de plinten klotst, hawwe hieltyd mear gemeenten grutte finansjele problemen troch de soarchtaken dy't sy earder oernamen fan it Ryk. Gemeenten hawwe ekstra jild nedich foar de jeugdsoarch en dêrnjonken ek ferlet fan mear jild foar saken as bibleteken, swimbaden en sportfjilden.

De fjirtich grutste gemeenten fan Nederlân hawwe ôfrûne moandei al de needklok let. Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert is tiisdei ek yn Den Haag. Gean der mar fan út dat hy skerp yn de gaten hâldt wat der foar de gemeenten yn it kofferke fan syn partijgenoat Hoekstra sit.

Moarnsbrochje

Om 8.30 oere begjint it tradisjonele Prinsjesdei-moarnsbrochje fan de noardlike provinsjes. De provinsjale bestjoeren fan Fryslân, Grinslân en Drinte ferwachtsje dêr ûnder oare alle Fryske Keamerleden, lykas Isabelle Diks, Harry van der Molen en Aukje de Vries, mar ek senatoaren as Ferd Crone, Joop Atsma, Max Aardema en Germ Gerbrandy. Fryslân hat hjoed-de-dei mear Earste as Twadde Keamerleden en dy Earste Keamer is op dit stuit net ûnbelangryk...

Noch even werom nei dat positive nijs oer dat finansjele oerskot foar it Ryk. As is goed is, fernimt it folk dêr ek wat fan. Ferline jier hat it kabinet him dêr yn fergaloppearre. Doe waard beloofd dat eltsenien der in bytsje op foarút gean soe, mar oanslutend giene de BTW, de enerzjyrekken en de soarchpremy omheech.

It gefolch wie dat dy teoretyske foarútgong al op wie, foardat de minsken it fernamen. It kabinet besiket no om it oars te dwaan. Troch ûnder oare legere belestings moatte in soad minsken der sa'n twa persint op foarút gean, sizze de rekkenmasters op it ministearje fan finânsjes.

Brexit

Ein oktober krije we nei alle gedachten de Brexit en yn Dútslân giet it ekonomysk ek net goed. Bedrigings yn de foarm fan saken dy't it kabinet Rutte net yn 'e hân hat, binne der dus genôch. Mar as je sjogge nei de lannen om ús hinne stiet Nederlân der better foar. It hat ek te krijen mei politike logika; it kabinet Rutte III sit der noch sa'n oardel jier en dan binne der ferkiezings.

Koartsein, it kabinet hat der alle belang by om der no echt foar te soargjen dat in soad minsken fernimme dat se wat mear oerhâlde oan 'e ein fan de moanne. Oft dat ek slagget, dat witte we as de leanstrypkes fan jannewaris 2020 der lizze en dan moat de foarútgong fansels ek grutter wêze as de stiging fan de kosten fan libbensûnderhâld.

Trefwurden: 
Den Haag Prinsjesdei
(Advertinsje)
(Advertinsje)