De Fûgelpits bestiet 40 jier: "Bisten helpe is moai wurk"

De Fûgelpits yn Moddergat bestiet fjirtich jier. Reden om ris werom te sjen op de ôfrûne jierren.
De Fûgelpits bestiet 40 jier: "Bisten helpe is moai wurk"
De leafde foar fûgels hat se fan hûs út meikrigen. "Op 19 novimber 1978 krigen we de earste hoarnûle binnen", fertelt Gaatske Wiersma fan De Fûgelpits. "Dat wie it begjin. Dat wie by ús heit en mem, we wennen doe noch yn Iezumasyl. De hiele famylje wurke mei, we wienen mei njoggen bern. Dat wie wol maklik. As it jild op wie, moasten we lappe en by oaljeslachtoffers koenen we allegearre helpe."
Yn al dy fjirtich jier hat se in soad meimakke. "Ups en downs, we hawwe in fantastysk libben, fol ferrassingen. Eartiids makke ik noch wolris in planning foar de dei, mar dat learde ik gau ôf. It rint altyd oars, ast ôfwachtest, libbest in stik nofliker."
De oaljerampen binne har it measte bybleaun. "Dan is it smoardrok, dan kinne we gelokkich minsken belje en dy komme dan om te helpen. It helpen fan de bisten is moai wurk. It fljocht wer út, de frijheid dy'tst dan sjochst, is moai. Ik soe ek wol meifleane wolle."
Neist alle fûgels dy't se yn de opfang fersoargje, is ien dy't altyd bliuwt. "Dat is Kokkie, de pappegaai. Dy ha ik yn 1994 fan myn man Sape op de jierdei krigen. Ik bin der hiel wiis mei, we prate in soad, hy hat hiele ferhalen."
Ferslachjouwer Lennie Bronsveld praat mei Gaatske Wiersma
Ek frijwilliger Rinaldo is besmet mei it firus. "De liefde die je terugkrijgt van de dieren bij het verzorgen, daar doe je het voor." Soms is it wol lestich. "We hebben een keer twee reekalfjes grootgebracht, daar kreeg ik wel een band mee. Het is beter voor het dier als hij weer wordt vrijgelaten, maar het afscheid was moeilijk."
Ferslachjouwer Lennie Bronsveld praat mei frijwilliger Rinaldo