Kollum: "De boer hat it dien"

17 sep 2019 - 08:40

"Panykfuotbal is in útdrukking foar in reaksje op in sitewaasje dy't mear ynjûn wurdt troch eangst en pressy, as troch goed trochtochte beslissings. Soest it oan it taalgebrûk net sizze, mar dy útdrukking is yndie ûntliend oan spulsitewaasjes yn it fuotbal, in sport dy't net bekend stiet fanwegen de elokwinsje fan de beoefeners dêrfan.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Yn alle gefallen tocht ik oan panykfuotbal doe't D66 syn foarstel dropte om it stikstofprobleem oan te pakken. Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot wol it hiele beslach fee fan Nederlân mei de helte werombringe. Op dy wize kin Nederlân foldwaan oan de stikstofregels, en dochs trochgean mei it bouwen fan nije hûzen. Ik hie gjin idee, mar bouwen en wenjen smite ek in protte stikstof op. En omdat wy ien fan de lannen binne dy't it measte stikstof produsearje, leit de bou op syn reet. Allegear projekten binne stillein wurden, omdat de stikstof dy't dêrby frijkomt in bedriging is foar natoergebieten.

Dat jildt ek foar de lânbou en de feefokkerij. Dy binne ferantwurdlik foar 70% fan de stikstof dy't Nederlân útstjit. Hurde sifers dêr't men net omhinne kin. De oplossing dy't Tjeerd de Groot hat is net allinne like hurd, mar ek like simplistysk. Hy wol in yngewikkeld probleem oplosse troch mar ien skuldige oan te wizen: de boer. Ienfâldich en oersichtlik. De boer hat it dien. Sanearje dy fuort en it probleem is oplost. De Groot syn tinkwize is fan in ûnbeskamsumens dy't my lilk makket. Hy leit de Swarte Pyt (of Giele of Pearze) by dy sektor del dy't al jierren dwaande is om te ferduorsumjen. De Nederlânske lânbou rint dêryn op in hiele protte terreinen ynternasjonaal foarop. Boppedat is de lânbou de ôfrûne jierren allinne mar ynkrompen.

Dat kin men net sizze fan bygelyks auto- en fleanferkear. Hieltyd mear wegen mei hieltyd mear files, de útwreiding fan Schiphol en it grien ljocht foar luchthaven Lelystêd. Sa hypokryt is de polityk. Deselde polityk dy't wol har griente, byfstik en bakje kwark ite wol. Sjocht, dat der in probleem is, is dúdlik. Stikstof, en dêryn de ammoniak dy't de feefokkerij produsearret, is funest foar de biodiversiteit. De kealslach dy't dat fan gefolgen hat kin elkenien gewaarwurde. Yn greiden groeie gjin blommen mear. Heidefjilden wurde troch gers oerwoekere. Skimmelpopulaasjes dy't wichtich foar it útwikseljen fan fiedingsstoffen binne, nimme ôf. Der binne hieltyd minder flintersoarten.

Dat der wat barre moat, is foar elkenien dy't om him hinne sjocht gjin fraach. Mar panykfuotbal sa't Tjeerd de Groot dat spilet, sil inkeld ferliezers opsmite. Rasjonaliteit en goed trochtochte beslissings is wêr't it no om giet. By it oanpakken fan de útstjit is it belangryk om jin ôf te freegjen watfoar oarsaak de grutste ynfloed hat yn in bepaald gebiet. Is dat bygelyks lânbou of krekt it ferkear? Der binne ferskillende oplossingen foar it stikstofprobleem as je spesifyk sjogge nei it plak, net nei in oplossing foar it hiele Nederlân. Maatwurk is krúsjaal. Om dat leverje te kinnen ha wy ferlet fan nofteren boereferstân. Net fan panykfuotbal."

(advertinsje)
(advertinsje)