Fjouwer ton subsydzje foar FC Wolvegea

De ried fan Weststellingwerf stipet unanym it foarstel om 400.000 euro te jaan oan FC Wolvegea. Dat die moandei bliken by in kommisjegearkomste. De foarstelde bydrage wurdt ien kear útkeard en is bedoeld foar de oanlis fan in keunstgersfjild, foar ferljochting en de oanskaf fan nije dug-outs.
© Google Street View
De ried wie tefreden oer de ambisjeuze plannen fan de klup. Ek wethâlder Jack Jongbloed is entûsjast: "Ze hebben FC Wolvega uit het slop gehaald. Het vertrouwen is groot. Wolvega is de grootste kern en verdient zo'n sportaccommodatie."

Romtegebrek

It besteande wedstriid- en trainingsfjild wurdt fanwege romtegebrek foar in soad trainingen brûkt. Dat giet ten koste fan de kwaliteit fan it fjild. Om de problemen op it mêd fan kwaliteit en kapasiteit op te lossen, wurdt der keunstgers oanlein en wurde de entree fan it sportpark en it parkearterrein oanpakt.

Bydrage yn jild en wurksumens

De sportklup leveret sels ek in bydrage yn jild en wurksumens. De útfieringskosten binne rûsd op goed 587.000 euro. Fan dat bedrach wurdt troch de klup, tredden en it Ryk 200.000 euro ynbrocht.
Foar it restearjende bedrach, 386.841 euro, wurdt in bydrage fan de gemeente frege. Omdat de gemeente alfêst rekken hâldt mei priisstigings, is dat bedrach ôfrûne op 400.000 euro.
Betingst is wol dat it keunstgersfjild tsjin in reedlike fergoeding brûkt wurde kin troch oare sportorganisaasjes.
Foarsitter Germ-Jan de Jong fan FC Wolvegea