Doutzen Kroes begjint eigen YouTube-kanaal

17 sep 2019 - 07:38

Topmodel Doutzen Kroes fan Eastermar is ynkoarten te folgjen fia YouTube. Se lansearret dizze wike nammentlik har eigen YouTube-kanaal: Doutzen Diaries. It jout ynsjoch yn har deistich libben, sawol kwa wurk as privee.

De Friezinne kundige it projekt moandeitejûn oan yn it telefyzjeprogramma Jinek.

Doutzen hat shows rûn foar grutte moadenammen, lykas Dolce & Gabbana, Gucci en Versace. Ek spile se in rol yn in oantal films, wêrûnder Nova Zembla. Mar se sette har ek yn foar it Frysk. Sa wie se ambassadeur fan de kampanje 'Praat mar Frysk'.

(Advertinsje)
(Advertinsje)