Lilke boeren op 1 oktober manmachtich nei Den Haag foar protest

17 sep 2019 - 06:13

Tûzenen boeren wolle op 1 oktober mei harren trekkers nei Den Haag ta. Se binne der klear mei dat se oeral samar de skuld fan krije. Ek Fryske boeren binne ree om mei te dwaan. "Wy binne echt boas. Wy moatte no mar mei de fûst op tafel slaan!"

Boer Henk Zijlstra fan Hitzum is der klear mei: "It is tiid dat wy kenber meitsje dat it net kin, hoe't se mei ús dogge." It stekt Zijlstra en oare aksjefierende boeren dat de agraryske sektor oeral de skuld fan kriget. "Wy binne wol de fiedselprodusint yn dit lân. Dêrom is it no in kear tiid foar aksje."

Feesteapel ynkrimpe

De oprop fan D66, dat de stikstofproblematyk it bêste oanpakt wurde kin troch de feesteapel mei de helte yn te krimpen, is ek yn Fryslân net goed fallen by de boeren. "Dat kin natuerlik net de bedoeling wêze. Wy binne al ynkrompen de ôfrûne jierren. Dat moat út wêze."

It buorkjen is moai, mar troch alle ekstra regels is Zijlstra benaud foar de takomst. "Ik sil myn tiid wol útsjonge, mar de jongere generaasje hat hjir sa gjin sin mear oan. It is in moai berop, mar it moat wol mooglik wêze. We ha wol opfolgers nedich."

In grutte optocht mei trekkers oer de Ofslútdyk, dat liket my wol wat.

Henk Zijlstra, boer

Om op 1 oktober nei Den Haag ta te gean is in lanlik inisjatyf. Dat sil barre mei bussen. Allinnich út Fryslân wei hawwe al sa'n 500 minsken harren dêrfoar oanmelden. Zijlstra tinkt ek noch oan wat oars. "In grutte optocht mei trekkers oer de Ofslútdyk, dat liket my wol wat. Dan is it allegearre dúdlik sichtber foar elkenien."

De boeren organisearje harren yn ferskate provinsjes troch groepen op WhatsApp oan te meitsjen. Yn Fryslân wurdt dy groep beheard troch de frou fan Zijlstra, Jitty van der Werf. Der binne dus al hûnderten oanmeldingen by har binnenkaam. "Dat it safolle binne, hie ik net ferwachte. Dat giet bêst. Dêrom sitte we no ek byinoar." Wêrop't har man taheakket: "Der sit in soad ûnfrede. Dat blykt mar."

Trefwurden: 
boeren Den Haag protest
(Advertinsje)
(Advertinsje)