Bestjoerder bestelbus krijt rydferbod en moat auto ynleverje

16 sep 2019 - 23:04

In bestjoerder fan in bestelbus hat moandei yn Ljouwert in rydferbod krigen en moast syn auto ynleverje by de plysje. By in kontrôle op de Johan Winklerwei die bliken dat it rydbewiis fan de 40-jierrige man út Stienwyk al earder ynnommen wie. De plysje kaam der ek achter dat de man ûnder ynfloed fan THC ried en alris faker pakt wie.

Foto: Omrop Fryslân

De man moast mei nei it plysjeburo en dêr is noch in bloedproef dien. De bestjoerder krige in rydferbod fan 24 oeren en syn auto is yn beslach nommen.

(advertinsje)
(advertinsje)