Hantekeningen oerlange foar behâld Amelanner soarchsintrum De Stelp

De wurkgroep 'De Stelp op de Stelp' hat mear as 1000 hantekeningen sammele foar it behâld fan it soarchsintrum De Stelp middenyn it doarp Hollum op It Amelân. De hantekeningen binne troch de wurkgroep moandeitejûn foarôfgeand oan de riedsgearkomste oerlange oan boargemaster Gerard van Klaveren.
© Persbureau Ameland
It kolleezje fan B en W fan It Amelân wol de âldereinfoarsjenning nei de râne fan it doarp ferpleatse. Dêr is de wurkgroep op tsjin. Fan de 1025 hantekeningen binne der neffens de wurkgroep 966 fan Amelanners.
De wurkgroep hat sels ûndersyk dien en konkludearret dat nijbou op de hjoeddeistige lokaasje mooglik is en ek goedkeaper is. Demintearjende bewenners fan De Stelp kinne no selsstannich, mei GPS, it doarp yn. De nije lokaasje soe dêr net geskikt foar wêze, omdat der trije ferkearsdiken omhinne lizze.
De gemeenteried sil foar de ein fan it jier in beslút nimme oer de nije âldereinfoarsjenning.
© Google Street View