FIDEO: Skoalbern yn Noardeast-Fryslân helpe boeren mei ûnderhâld

Je sjogge net alle dagen groepen skoalbern oan it wurk yn it boerelân. Dochs sil dat de kommende wiken wol barre. Hast tûzen skoalbern yn Noardeast-Fryslân helpe boeren mei it ûnderhalden fan harren lân.
Noardlike Wâlden
Tritich skoallen yn it noardeasten fan Fryslân dogge mei oan it projekt fan de Feriening Noardlike Fryske Walden en Lânskipsbehear Fryslân. De bern sille ien skoaldei yn it lân oan it wurk. Elzebeammen kappe, houtwâlen ynspektearje, groep 7 en 8 fan OBS It Kruirêd út Mûnein hiene it der moandei mar drok mei. Der wie genôch te dwaan op it lân fan boer Johnny van Eijden yn Ryptsjerk.