Beloften SC Hearrenfean winne yn spektakulêre derby fan Jong SC Cambuur

16 sep 2019 - 21:00

Jong SC Hearrenfean hat moandeitejûn yn in spektakulêre derby de leeftiidsgenoaten fan Jong SC Cambuur ferslein. Op sportpark Skoatterwâld wûn it team fan Ronnie Pander mei 7-3. Grutte man oan de kant fan Hearrenfean wie Anders Dreyer, mei 3 goals en 3 assists.

Anders Dreyer - Foto: SC Hearrenfean

Nei 20 minuten stie Jong SC Hearrenfean al op in 4-0 foarsprong troch goals fan Anders Dreyer (2x), Rami Hajal en Jordy Bruijn. Foar it rêstsinjaal koe Jong SC Cambuur, fia Mees Gootjes, noch wol wat werom dwaan: 4-1.

Yn de twadde helte kamen de Ljouwerters op 4-2 troch in goal fan Daniel Bouman. Mar troch in goal fan Alen Halilovic kaam it ferskil al gau wer op trije doelpunten. Jordy Bruijn koe dêrnei syn twadde goal fan de jûn meitsje en ek Bouman makke syn twadde. Dreyer bepaalde yn de slotminút de einstân op 7-3.

(advertinsje)
(advertinsje)