Anouska Koster wint fjirde etappe yn Ronde fan Ardèche

16 sep 2019 - 20:49

Anouska Koster fan De Westereen hat moandei de fjirde etappe yn de Ronde fan de Ardèche op har namme skreaun. De 26-jierrige hurdfytster wie de rapste yn in kopgroep fan fjirtjin.

Foto: www.orange-pictures.nl

De etappe yn de Frânske rittekoers wie 138 kilometer lang en gie fan Savasse nei Montboucher. Underweis moast it peloton oer fjouwer bergen hinne (twa fan de earste en twa fan de twadde kategory). Koster gie yn it begjin fan de etappe mei trettjin oare froulju mei yn de kopgroep dy't it peloton hast trije minuten foar bleaun.

Yn de einsprint wie de hurdfytster út De Westereen, dy't foar de Deenske Virtu-ploech útkomt, de rapste. Se kaam foar Jarmila Machacova út Tsjechië en Hanna Tserakh út Wyt-Ruslân oer de finish. De lieding yn it algemien klassemint is yn hannen fan Marianne Vos, dy't de earste trije etappes wûn. Koster stiet dêryn tritichste.

"Gelok dat ploechgenoat ek yn kopgroep siet"

"Wauw, einlik ha ik in oerwinning binnen! Ik fielde dat der wat moais oan siet te kommen. Hjoed hiene we in moai kopgroepke. De gearwurking wie goed en we wiene net gefaarlik foar it klassemint fan Marianne. Dêrom krigen we de romte. Dat ik it dan ôfmeitsje kin, is fansels fantastysk", sa lit Anouska nei de etappe witte op har webside.

"Ik hie it gelok dat myn ploechgenoat Birgitte Andersen ek yn de kopgroep siet. Sy hat safolle wurk foar my dien by de etappe en yn de finale. Birgitte koe it tempo heech hâlde en in pear flechters weromhelje. Ik waard fantastysk ôfset yn de lêste meters. Ik kaam der op de technyske oankomst op it juste momint út. It is noflik om te winnen yn it shirt fan Team Virtu. Ik kin se op dizze wize werombetelje foar it fertrouwen dat se yn my ha. Supermoai."

Trefwurden: 
hurdfytsen Anouska Koster
(Advertinsje)
(Advertinsje)