FIDEO: 'Dikke frou' op seedyk Holwert krijt selskip fan 'tinne frou'

16 sep 2019 - 20:35

It byld fan de grouwe, neakene dame op de seedyk by Holwert stiet der net mear iensum by, want moandeitemiddei krige se selskip fan in meagere freondinne. It is in projekt fan keunstner Jan Ketelaar en it kulturele lânskipsprojekt Sense of Place. Doel is om keunst en natuer tichter byinoar te bringen.

Tsien jier hat keunstner Jan Ketelaar dien oer it meitsjen fan de twa stielen bylden fan elk fiif meter heech. Tegearre sjogge sy út oer de Waadsee, nei It Amelân.

De 'dikke frou' stiet foar wolfeart, wylst de 'tinne frou' foar it tsjinoerstelde stiet: earmoede en honger.

(Advertinsje)
(Advertinsje)