FIDEO: It Polytburo mei Johannes Kramer

16 sep 2019 - 19:09

By It Polytburo, it wyklikse politike programma fan Omrop Fryslân, is te gast deputearre Johannes Kramer (FNP). Der wurdt praat oer ûnder oare de projekten dy't yn ús provinsje op slot steane troch de útstjit fan stikstof.

It werombringen fan de maksimum-snelheid op provinsjale diken is foar deputearre Johannes Kramer besprekber. Sa soe in bydrage levere wurde kinne oan de reduksje fan de stikstofútstjit. Kramer sei dat moandeitejûn yn It Polytburo.

Yn Fryslân steane mar leafst 1714 projekten op slot, projekten wêrby't de útstjit fan stikstof skea docht oan natuergebieten. De lânbou wurdt neffens Kramer te faak sjoen as haadskuldige, mar it werombringen fan de snelheid op autodiken soe ek geweldich helpe.

De provinsje giet oer de maksimumsnelheid op har eigen diken. Kramer fielt der op himsels wol foar om dy te ferleegjen, al sei er der wol by dat soks net it measte opleverje sil.

(Advertinsje)
(Advertinsje)