UPDATE: Jonkje (5) ferstoarn yn de Potmarge yn Ljouwert

De plysje hat moandeitejûn in jonkje fan fiif jier út it wetter helle by it Potmargepaad yn Ljouwert. Helptsjinsten wiene manmachtich oanwêzich, mar koene net foarkomme dat it jonkje ferstoar.
© Kappers Media
In plysjeman hat it jonkje noch út it wetter helle en besocht te reanimearjen. Dat slagge net.
Hoe't it bern te wetter rekke is, is noch net dúdlik. Neffens omstanners is de fisksteiger dêr't it ûngelok plakfûn in gefaarlik plak yn de buert foar bern.
De belutsen helpferlieners wurde opfongen.
UPDATE: Jonkje (5) ferstoarn yn de Potmarge yn Ljouwert