Fryske fisker hellet mear as 15.000 kilo kontenerôffal boppe wetter

16 sep 2019 - 18:16

Mear as 15.000 kilo ôffal helle fisker Frits van Dellen mei syn skip de Mare Frisicum de ôfrûne moannen út it wetter. Yn opdracht fan Rykswettersteat socht hy op trije plakken nei rommel dy't by de kontenerramp mei de MSC Zoe op 1 jannewaris fan dit jier yn de Noardsee bedarre. De measte troep kaam boppe It Amelân út de Noardsee.

Moandei brocht Van Dellen foar it lêst in lading kontenerôffal nei Skylge ta. Hy trof fan alles oan yn syn netten. "Koffers, gersmeaners, auto-ûnderdielen, burostuollen, bernejassen, neam mar op", sommet er op. Neffens him sit der op alle plakken wol ferskil yn de fangst. "Op it iene plak hawwe je mear fiskstuollen, op it oare plak mear gersmeaners."

Fisker Frits van Dellen

De LO-28 lost syn lading ôffal op Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Foar no falt der foar Van Dellen foareast neat mear te heljen. Dat betsjut lykwols net dat alles no boppe wetter is. Dat sil nea slagje, seit Michiel Visser fan Rykswettersteat. Neffens harren analyze leit der 275.000 kilo kontenertroep yn it Nederlânske part fan de Noardsee. "Een gedeelte van die lading is gewoon niet traceerbaar", seit Visser.

Koartlyn is nochris besocht safolle mooglik fan dat ôffal te finen en dy lokaasjes binne trochjûn oan reder MSC. Dy sil no mei bergingsskippen sjen oft it ek echt om 'harren' ôffal giet. As dat it gefal is, wurdt it opromme. Rykswettersteat besjocht dan oft sy tefreden binne en as dat sa is, beslút de minister úteinlik offisjeel oft der in ein komt oan de berging.

Michiel Visser fan Rykswettersteat

(advertinsje)
(advertinsje)