Nederlânske manlju turnje op It Hearrenfean yn 'Wedstriid fan de Wike'

16 sep 2019 - 18:08

De lêste test foardat de Nederlânske turnmanlju ôfreizgje nei it Dútske Stuttgart is oankommende sneon op It Hearrenfean. Dêr dogge de turners mei oan in ynterlân, mei Australië, Guatamala en Spanje. It is ferkeazen ta 'Wedstriid fan de Wike'.

De Nederlânske ploech bestiet út trije Friezen. Epke Zonderland, Michel Bletterman en Rick Jacobs soargje foar de Fryske ynbring. Alle trije hoopje se in plak te bemachtigjen yn de seleksje foar it wrâldkampioenskip, dat oer in moanne hâlden wurdt yn Stuttgart. "Epke Zonderland is fansels in sekerheidsje, as er fit is", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber. "Want twa wiken lyn sei er te twiveljen oer dielname, om't er wer lêst hat fan syn byholten. Litte we hoopje dat it in slach tafalt."

It is de fjirde ynterlân dy't organisearre wurdt yn sportstêd Hearrenfean. Earder turnen de Nederlânske froulju dêr al twa kear en no meie de manlju harren der dus ek foar de twadde kear sjen litte.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant hurdfytsen en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)