Friesland College en Hacklab starte ynternasjonaal netwurk

It Friesland College hat tegearre mei ferskate organisaasjes, bedriuwen en skoallen yn Fryslân, Spanje, Estlân en België in hacknetwurk opsetten. It netwurk is ûnderdiel fan it projekt 'What the Hack', dat him rjochtet op jong hacktalint. It projekt is in inisjatyf fan it Friesland College sels. Doel is om de maatskippij better te wapenjen tsjin cyberkriminaliteit.
© Friesland College
De stêd Ljouwert hat al langer ûnderfining mei it begelieden fan 'digitale hangjongeren'. Yn it saneamde Hacklab yn de Blokhûspoarte krije jonge ynternetgebrûkers fan 15 oant 25 jier wykliks les fan in betûft hacker of se krije in útdaagjende opdracht om harren kennis te fergrutsjen.
It wurkplak stiet benammen iepen foar gamers, skoalferlitters, jongeren mei autisme en oare jongeren dy't yn harren oplieding tsjin problemen oan rinne.

Erasmus+

Harren kennis is neffens it Friesland College in wichtich wapen yn de striid tsjin de tanimmende cyberkriminaliteit dy't bedriuwen, organisaasjes en boargers bedriget.
De ûnderwiisynstelling wol de ynset ferbreedzje en hat mei stipe fan it Europeeske programma Erasmus+ in ynternasjonaal netwurk opsetten, dat yn de kommende trije jier in programma makket om kennis te dielen en de ûntwikkeling rapper ferrinne te litten. 'What the Hack' wurdt stipe troch Learning Hub Friesland.

Gearkomste

Op tiisdei 17 en woansdei 18 septimber komme fertsjintwurdigers fan ferskate skoallen en ynstellingen út Fryslân, Estlân, België en Spanje by elkoar yn Ljouwert om ôfspraken te meitsjen oer de oanpak.