Sportcast: "SC Hearrenfean sil meidwaan om de play-offplakken"

16 sep 2019 - 16:58

Dêr is er wer: in farske edysje fan Sportcast. Yn dizze útstjoering komme ûnder oare SC Hearrenfean, SC Cambuur en de Fryske wrâldkampioenen Tristan Bangma en Liesette Bruinsma oan de oarder. Sportferslachjouwers Geert van Tuinen, Andor Faber en Roelof de Vries sille dy wer byprate oer de sport fan dit wykein. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker.

Foto: Omrop Fryslân

Sportcast 16 septimber

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

SC Hearrenfean ferlear sneon mei 4-1 fan Ajax. Nettsjinsteande it ferlies seagen de manlju genôch ljochtpuntsjes. Sa wie Roelof de Vries lyrysk oer Joey Veerman: "Sels in leek kin sjen dat hy in goede fuotballer wurde kin." Der wurdt sels al foarsjoen dat Hearrenfean meidwaan sil om de play-offplakken.

SC Cambuur makke freed gehak fan Helmond Sport (5-1). Geert van Tuinen fûn Ragnar Oratmangoen ien fan de útblinkers. Oratmangoen soe al in basisplak krije tsjin Telstar, mar doe hie er him ferslept. Van Tuinen: "As hy sa fuotballet, dan mei hy fan my wol allegear gekke streken úthelje."

Foto: Omrop Fryslân

Fansels moasten ek de prestaasjes fan 'ús' nije wrâldkampioenen, Tristan Bangma en Liesette Bruinsma, besprutsen wurde. Fierder kamen de 'fantastyske keatser' Taeke Triemstra en de 'nonsjalante' hurdrinster Hinke Schokker ek noch foarby.

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy elke moandei by oer al it sportnijs. Presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar. Alle Sportcasts beharkje? Klik hjir.

(Advertinsje)
(Advertinsje)