Spoaroergongen Hurdegaryp en Feanwâlden definityf sletten

16 sep 2019 - 15:58

De spoaroergongen by Hurdegaryp en Feanwâlden binne ôfrûne wykein definityf út it spoar helle. Anne Zwiers, ProRail-direkteur Overwegen, is wiis mei de stap: "Dit is waar ProRail naartoe wil. Steeds minder overwegen in het spoor."

In trein rydt by de wurksumheden yn Hurdegaryp del - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

It giet om de oerwei by de Goddeloaze Singel yn Feanwâlden. Dêr is in fytstunnel boud, sadat fytsers feilich it spoar passearje kinne en de oerwei by de âlde singel net mear hoege te brûken. Dizze tunnel makket diel út fan it projekt 'Sintrale As'.

De twadde oerwei dy't net mear is, leit yn Hurdegaryp. Dêr is no in ûndertrochgong kaam, wêrmei't auto- en fytsferkear net mear hoecht te wachtsjen foar de trein. De tunnel ûnder de Ryksstrjitwei troch is ûnderdiel fan it projekt rûnom de ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Grins.

Zwiers: "Al staan er bomen en bellen bij om je te waarschuwen, overwegen hebben het risico dat er aanrijdingen plaats kunnen vinden. Daarom stellen wij dat de beste overweg een opgeheven overweg is."

(advertinsje)
(advertinsje)