HEA! Houlik op hynders
Fryske hynders binne hiel belangryk yn it libben fan Gaatze en Margarita Bosma fan Kollumersweach. Dêrom is it foar harren fanselssprekkend dat de swarte rashynders by harren houlik in grutte rol spylje. En dat giet sels sa fier dat de amtner fan de boargerlike stân en it breidspear it houlik slute fan de rêch fan in Frysk hynder ôf.