Jaap Zwaga net langer skipper fan skûtsje Langwar

16 sep 2019 - 15:02

Jaap Zwaga is net langer skipper fan it skûtsje fan Langwar. Nei de tsjinfallende resultaten fan dit seizoen, hy einige as lêste, hat it bestjoer besletten om ôfskied fan Zwaga te nimmen. Yn de kuiergongen giene al langer lûden oer rebûlje by it Langwarder skûtsje; ôfrûne moanne stapten twa bestjoersleden op.

De 48-jierrige Zwaga wie sûnt 2017 skipper fan Langwar. Yn dat jier waard hy 13e en yn 2018 14e. Hy fynt it jammer dat it bestjoer de hândoek yn de ring goait. Zwaga doelt dêrmei op de diskusje oer de seilformule dy't de SKS yn 2016 ynfierde. Dy pakte tige neidielich út foar de Langwarders.

Foto: Martin de Jong

It is frustrearjend dat je net earlik sile kinne en dêr no op ôfrekkene wurde.

Jaap Zwaga

"It skûtsje fan Langwar hat it meast stadige kasko fan de float", seit Zwaga. "Dêr boppe-op moast it as iennichste skip seil ynleverje. It is frustrearjend dat je net earlik sile kinne en dêr no op ôfrekkene wurde. Ik wol graach in earlike kâns, dêr ha we hieltiten foar striden, mar dat hâldt no dus op."

De kommende tiid wurdt socht nei in opfolger fan Zwaga. Lûden dat Harmen Brouwer of Ulbe Zwaga dêrfoar yn de race binne, wurde op it stuit noch ûntkend troch de foarsitter fan it bestjoer, Dolf Collee.

(Advertinsje)
(Advertinsje)