G40-gemeenten warskôgje foar jildkrapte

De 40 grutte gemeenten yn Nederlân slaan alarm oer jildkrapte. Yn de regionale kranten liede se needklok oer de gefolgen fan de besunigings fan it Ryk op de soarchtaken. Tekoarten dy't dêr ûntsteane, wurde opfolle mei besunigings op foarsjennings lykas swimbaden en bibleteken. De gemeente Ljouwert is ien fan de gemeenten dy't finansjeel swier troffen wurdt.
Stedhûs Ljouwert © Google Streetview
De oprop komt in dei foar Prinsjesdei, de dei dat it kabinet de begrutting foar takom jier presintearret. Ek dit jier bliuwt der wer in soad jild oer, wylst gemeenten besunigje moatte.
Dat is krekt wat wethâlder Sjoerd Feitsma stekt: "Wy rinne no oan tsjin problemen dy't oars op te lossen binne. Der is wol ekstra jild útlutsen foar it oplossen fan finansjele tekoarten foar de gemeenten, mar dat is in tydlike oplossing. Dat jild moat struktureel wurde."

Koartingen

De problemen wurde feroarsake troch de koartingen dy't it Ryk oplein hat by de oerdracht fan soarchtaken. Gemeenten moatte dat dwaan mei in kwart minder budzjet. Yn guon gefallen wurdt dan earst sjoen nei besunigings op kultuer en sportfoarsjennings.
Dat is neffens Feitsma in pynlike mar ek logyske kar. "Gemeenten moatte wetlik sjoen de soarchtaken útfiere. In swimbad of in bibleteek falle dêr net ûnder. Ek sportfjilden net. Wat faak dien wurdt, is beknibbelje op ûnderhâld."
Feitsma seit dat soks yn Ljouwert noch net nedich is. Dochs spilet ek yn Ljouwert de diskusje oer besunigings op ûnder oare de soarch.