Kowefilmke fan Omrop Fryslân wurdt nepnijs op Facebook

In berjocht op Facebook mei bylden fan Omrop Fryslân ferspriedt nepnijs. Op in Hongaarske Facebookside binne bylden te sjen fan de tradisjonele kowedûns, it earste momint dat kij wêr nei bûten gean nei de winter. Neffens it Hongaarske Facebookberjocht wurde de bisten lykwols frij litten nei 'jierren fan ellinde yn de suvelyndustry'.
It berjocht op de Hongaarske Facebookside © Omrop Fryslân
Yn it begeliedende berjocht wurdt skreaun: 'Nei jierren fan ellinde yn de suvelyndustry kinne se lang om let frij wêze'. De tekst dy't boppe en ûnder de bylden fan Omrop Fryslân te sjen is, stiet: 'Melkkij, foar it earst binne se frij'.
It berjocht jout in fertekene byld fan de werklikheid. De bylden komme út Hjoed fan 12 april 2015 en binne makke by boer Oosterhof yn Drachten. It lit it jierlikse momint sjen dat de kij fan stâl helle wurde.

Viral

It filmke fan de dûnsjende kij is earder op sosjale media viral gien. It filmke dat Omrop Fryslân sels pleatste yn 2015 is mear as 1,7 miljoen kear besjoen en is mear as 25.000 kear dield.
Dat der nije filmkes opdûke mei deselde bylden bart wol faker by filmkes dy't sa populêr binne. De Omrop is der net wiis mei dat der nepnijs ferspraat wurdt mei har bylden. Der is ûndertusken troch Omrop Fryslân melding makke by Facebook mei it fersyk it berjocht fuort te heljen.