Personiel Hoeve Boschoord naam sels inisjatyf foar aksje

De personielsaksje fan moandeitemoarn yn TBS-klinyk Hoeve Boschoord by Boyl is troch it personiel sels op tou set. Dat fertelt it fakbûn FNV yn in reaksje op de aksje.
© Anton Kappers
In meiwurker fan Boschoord hat ferline wike op persoanlike titel in brânbrief stjoerd oan alle kollega's, dat der ûnfeilige situaasjes binne. Dizze persoan hat grutte noed oer de feiligens fan himsels en syn kollega's. "Hij had zoiets van het kan zo niet langer, en er moet iets gebeuren", fertelt Camara Spoel fan fakbûn FNV. De inisjatyfnimmer hat yn de brief syn kollega's oproppen om moandeitemoarn nei Boschoord te kommen om mei it management yn petear te gean.
Op it moment fan de aksje wiene der minsken fan it management oanwêzich om mei de meiwurkers yn petear te gean.

Stappen foarút

Der is yn de ôfrûne jierren wol besocht om de sitewaasje yn de klinyk by Boyl te ferbetterjen, mar dat hat oant no ta noch net genôch opsmiten, sa seit FNV. "De situatie van personeelstekort is eigenlijk steeds erger geworden."
Der moat no yn byld brocht wurde wêr't de grutste problemen sitte, om dêrnei stappen te meitsjen om de saken te ferbetterjen. en it liket de goeie kant op te gean. "Ze willen in gesprek over een vervolg. Wij denken dat er nu concrete afspraken gemaakt moeten worden, want de veiligheid van het personiel moet gewaarborgd worden", seit Spoel.