Boargemaster slút wenning yn Harns fanwege drugs

Boargemaster Roel Sluiter hat moandeitemiddei in wenning oan de P.J. Troestrastrjitte foar trije moanne op slot dien.
© Srfotografie
De wenning wurdt sluten fanwege in oertrêding fan de Opiumwet. Earder waard by in ynfal in hannelshoemannichte drugs fûn. Mei de sluting fan it pân wol de gemeente Harns it wen- en leefklimaat yn de buert fan de wenning herstelle, en de iepenbiere oarder op oarder hâlde.