Omwenners en MSV botse wer oer plan foar Prikkedaam

16 sep 2019 - 13:53

Der is opnij protest fan in omwenner tsjin lûdsoerlêst fan it motorsportsirkwy De Prikkedaam yn Makkingea. De gemeente Eaststellingwerf hie earder besocht de aktiviteiten op it sirkwy te regulearjen. Op basis fan de besteande regels soe in crossbestimming net mear mooglik wêze. In kompromis liket op 'e nij fier fuort.

Kompetysje DMX-Noord 8 o/m 12 jier - Foto: Ronnie Porte

Neffens de omwenner is de lûdsbelêsting op syn wenning 'net akseptabel'. Ek fynt dy persoan dat de lûdsbelêsting op de wenten net genôch ûndersocht is. In nij juridysk gefjocht liket ûnûntkomber as de gemeenteried ynstimt mei it ûntwerpbestimmingsplan fan it kolleezje. De riedskommisje hat 23 septimber oerlis oer it ûnderwerp, yn in ekstra gearkomste.

It beswier fan de omwenner is op dit stuit it iennige beswier tsjin it bestimmingsplan. De beswiermakker fynt dat der net goed genôch sjoen is nei de ynrjochting fan it terrein (mei springheuvels), it tal motoaren op de baan, de technyske spesifikaasjes fan de motoaren en it tal brûkers fan de baan by trainingen en wedstriden.

"Net yllegaal"

Oan de oare kant fan de diskusje fynt de motorferiening MSV de sjochwize krekt in beheining fan de mooglikheden. Troch de plannen wurdt it nammentlik dreech om mear as trije wedstriden yn it jier te organisearjen. "Dit bestemmingsplan zien wij als het wederom inleveren van geluidruimte."

Neffens de feriening is der gjin wittenskiplike basis foar de lûdsnoarmen, se wolle dêrom ek dat dy út it bestimmingsplan helle wurde. Der wurdt útgien fan in lûdsnoarm de wente, wêrtroch't der in lûdsskerm fan 150 meter en twa meter heech nedich is. De feriening freget in reedlike oergongstermyn, sadat der tiid en romte is om sa'n skerm te bouwen.

Trefwurden: 
Makkingea Prikkedaam MSV sirkwy
(advertinsje)
(advertinsje)